Afgelopen jaren hebben we meerdere verzoeken ontvangen naar de lyrics van ‘Fleane yn’e Loft’ – Grutte Pierproject ft. Carla de Bruine.

 

FLEANE YN’E LOFT | Grutte Pierproject ft. Carla de Bruine
Tekst: Steven de Jong

 

Heech fleane yn’e loft

Ik driuw no op’e wyn, nei dy

De moanne stiet al oan

It makket my sa blij

 

Ik hâld dy stevich fêst

Wy swefe oer it lân, sa frij

Ik hingje tsjin dy oan

It jout my djippe rêst

 

Wy ride oer’e wrâld

De doarpen gean oan ús, foarby

De fûgels, greide, grûn

Myn hert dat fielt sa kâld

 

Wer bisto, hinne gien

Ik ha socht, neat fûn

Eltsenien dy wist fan neat

Wa hat dy sjoen

 

Ik sweef no troch de loft

Ik sykje yn’e kjelt, nei fjoer

Mar it ljocht dat is no fuort

It makket my sa poer

 

Ut de djipte fan de see

Kaam in golf, sa heech

It naam my mei, it wetter yn, mar ik wie net ree  

 

Aaaah aaah aaaaah, enz.

 

Heech fleane yn’e loft

Ik fiel no noch dyn hûd, sa sêft

De sinne is al fuort

It swit dat jout my krêft

 

Do hâldst my yn dyn macht

it twingt my noch wat mear, te jaan

Ik fiel dyn liif net mear

Mar ik wit no wat te dwaan

 

Fleane, fleane yn’e loft,

Fleane, fleane yn’e loft,

Fleane, fleane yn’e loft,

Fleane, fleane yn e loft, enz.

 

Heech fleane yn’e loft

Ik driuw no op’e snie, nei dy

De kjelt is út myn lea

It makket my no fry

 

🗡 Officiële Videoclip
‘Fleane yn’e Loft’ – Grutte Pierproject ft. Carla Debruine